| |
Karbrief |
|
Statuten |
|
|   |
|
|
NAMME EN SIT
Kêst 1.
1. De feriening hat de namme: "Mokumer Mjitte" Studinten Frysk Amsterdam.
2. Hy hat syn sit yn 'e gemeente Ljouwert/Leeuwarden.
|
|
DOEL
Kêst 2.
1. It doel fan 'e feriening is:
- a. it ûnderling kontakt tusken studinten, oanskowers en oare belangstellenden te befoarderjen en de mooglikheden hjir foar te bieden;
- b. it útdragen fan de Fryske taal en kultuer;
- c. it behâld fan de universitêre oplieding Frysk yn Amsterdam te stypjen.
2. De feriening besiket om ta syn doel te kommen troch:
- a. as fiertaal it Frysk te brûken;
- b. syn leden te ynspirearjen foar de Fryske taal en kultuer troch it hâlden fan gearkomsten, lêzings, foardrachten en útstapkes;
- c. nocht en wille foarop te setten;
- d. it útjaan fan it ferieningsblêd "Mokumer Mjitte Nijs"
- e. it sykjen en ûnderhâlden fan kontakten mei ferienings dy't soartgelikense doelen neistribje sawol yn Nederlân as om utens;
- f. alle oare wettige middels.
|
|
DOER
Kêst 3.
It boekjier fan 'e feriening is it kolleezjejier en rint fan de foarste fan de Hjerstmoanne oan te mei de ienentritichste fan de Rispmoanne, sa bedoeld, dat it earste boekjier begjint by de offisjele oprjochting.
|
|
LIDMAATSKIP
Kêst 4.
1. De feriening hat gewoane leden en eareleden. As yn it karbrief praat wurdt fan lid of leden wurdt/wurde dêrmei bedoeld sawol de gewoane leden as de eareleden of it moast wêze dat it tsjindiel bliken docht.
2. Gewoane leden binne dyjinge dy't harren skriftlik as lid by it bestjoer oanmeld hawwe en troch it bestjoer as lid talitten binne. Dat is op te meitsjen út in ferklearring dy't troch it bestjoer ôfjûn is. It wolkom hjitten fan in lid wurdt regele yn it húshâldlik reglemint. Wannear't immen troch it bestjoer net talitten wurdt, kin de algemiene ledegearkomste dochs noch ta talitten beslute.
3. Eareleden binne dyjingen, dy't op grûn fan bysûndere fertsjinsten foar de feriening, sa troch de algemiene ledegearkomste beneamd binne en harren beneaming oannommen hawwe. As earelid kinne leden likegoed as net-leden beneamd wurde.
4. It lidmaatskip is persoanlik en kin net oerdroegen wurde of troch erfopfolging krigen wurde.
|
|
EIN LIDMAATSKIP
Kêst 5.
1. It lidmaatskip einiget troch:
- a. it ferstjerren fan it lid;
- b. opsizzen troch it lid;
- c. opsizzen troch de feriening;
- d. ûntsetting.
2. Opsizzen fan it lidmaatskip troch in lid kin allinnich dien wurde tsjin 'e ein fan it boekjier. Opsizzen wurdt skriftlik dien by it bestjoer mei it achtslaan fan in opsistermyn fan op syn minst fjouwer wiken. As it opsizzen net op 'e tiid dien is, dan rint it lidmaatskip troch oant de ein fan it earstfolgjende kolleezjejier/boekjier.
It lidmaatskip einiget fuortendaliks:
- a. as ridlikerwize fan it lid net ferge wurde kin om it lidmaatskip oanhâlde te litten;
- b. binnen in moanne neidat in lid in beslút bekend wurden is of meidield dat de rjochten fan de leden beheint of har ferplichtings ferswierret (of it soe wêze dat it in wiziging fan 'e jildlike rjochten en ferplichtings oanbelanget);
- c. binnen in moanne neidat in lid in beslút meidield is ta omsetting fan 'e feriening yn in oare rjochtsfoarm of ta fúzje.
3. Opsizzen fan it lidmaatskip út namme fan de feriening kin tsjin 'e ein fan it rinnende boekjier troch it bestjoer dien wurde:
- a. wannear't in lid nettsjinsteande aloan en alwei skriftlik moanne te wêzen op ien desimber net alhiel foldien hat oan syn jildlike ferplichtings oer it rinnende boekjier foar de feriening oer;
- b. wannear't it lid dermei opholden hat om te foldwaan oan de easken dy't op dat stuit troch it karbrief foar it lidmaatskip steld wurde.
De opsistermyn is op syn minstens fjouwer wiken. As in opsizzing net tidich dien is, rint it lidmaatskip troch oant de ein fan it earstfolgjende boekjier. De opsizzing kin lykwols útrinne op in direkte beëiniging, as ridlikerwize fan 'e feriening net ferge wurde kin om it lidmaatskip oanhâlde te litten. De opsizzing wurdt hieltyd skriftlik dien mei opjefte fan reden.
4. Untsetten út it lidmaatskip kin allinnich útsprutsen wurde wannear't in lid yn striid mei it karbrief, regleminten of besluten fan 'e feriening hannelet of wannear't it lid de feriening op ûnridlike wize beneidielet. It wurdt dien troch it bestjoer, dat it lid sa gau mooglik fan it beslút op 'e hichte bringt, mei opjefte fan reden. It oanbelangjende lid hat it foech om binnen ien moanne nei de ûntfangst fan de meidieling yn berop te gean by de algemiene ledegearkomste. Yn 'e tiid fan 'e beropstermyn en hingjende it berop is it lid tydlik lid-ôf makke. Wa't tydlik lid-ôf makke is, hat gjin stimrjocht.
5. Wannear't it lidmaatskip yn 'e rin fan it kolleezjejier/boekjier einiget, moat it lid de jierlikse bydrage likegoed hielendal betelje, of it moat wêze dat it bestjoer oars beslist.
|
|
STIPERSKIP
Kêst 6.
1. Stipers binne dyjingen, dy't troch it bestjoer as stiper talitten binne. It bestjoer hat it foech om it stiperskip troch skriftlik opsizzen te beëinigjen.
2. Stipers binne dyjingen dy't harren ree ferklearre hawwe en stypje de feriening alle jierren finansjeel mei in minimum-bydrage dy't troch de algemiene ledegearkomste fêststeld wurdt.
3. Stipers hawwe allinnich it rjocht om de algemiene ledegearkomste by te wenjen. Hja hawwe dêryn gjin stimrjocht, mar wol it rjocht om it wurd te fieren.
|
|
JILDMIDDELS
Kêst 7.
1. De jildmiddels fan de feriening bestean út:
- a. kontribúsjes fan gewoane leden;
- b. bydragen fan stipers;
- c. oare wettige jildmiddels.
2. Elk lid moat alle jierren in kontribúsje betelje. De hichte fan 'e kontribúsje wurdt fêststeld troch de algemiene ledegearkomste.
|
|
BESTJOER
Kêst 8.
1. It bestjoer bestiet út in ûneven tal fan op syn minstens trije en op syn measten fiif natuerlike persoanen, dy't út harren midden in foarsitter, in skriuwer en in ponghâlder oanwize.
2. De bestjoersleden wurde troch de algemiene ledegearkomste beneamd út de leden fan 'e feriening.
3. Bestjoersleden kinne altyd ûnder opjefte fan reden troch de algemiene ledegearkomste tydlik bestjoerslid-ôf makke en ûntslein wurde. De algemiene ledegearkomste beslút ta dat tydlik út 'e funksje setten of ûntslach mei in mearderheid fan twa/tredde fan 'e stimmen dy't útbrocht binne.
4. Oan it tiidrek fan tydlik bestjoerslid-ôf wêzen komt in ein wannear't de algemiene ledegearkomste net binnen in fearnsjier dêrnei ta ûntslach besletten hat. It bestjoerslid dat tydlik út syn funksje set is, wurdt yn 'e gelegenheid steld om him yn de algemiene ledegearkomste te ferantwurdzjen en kin him dêrby troch in riedsman bystean litte.
5. Bestjoersleden wurde beneamd foar in tiidrek fan maksimaal ien jier. Under in jier wurdt hjirre ferstien de perioade tusken twa opienfolgjende jierlikse algemiene ledegearkomsten, as regel by it begjin fan in nij kolleezjejier/boekjier. De bestjoersleden geane ôf neffens in troch it bestjoer op te meitsjen roaster. In neffens it roaster ôfgeand bestjoerslid is twaris daliks op 'e nij te beneamen.
6. Yn gefal 't it tal bestjoersleden ûnder it yn lid 1 beneamde minimum sakke is, bliuwt it bestjoer likegoed befoege. It bestjoer is ferplichte om sa gau mooglik in algemiene ledegearkomste te belizzen, dêr't de foarsjenning yn 'e fakatuere(s) yn oan 'e oarder komt.
7. Op 'e ledegearkomsten en de beslútfoarming fan it bestjoer is itjinge bepaald yn de kêsten 11 oant en mei 14 safolle mooglik fan tapassing.
|
|
BESTJOERSFOECH
Kêst 9.
1. It bestjoer is belêste mei it bestjoeren fan 'e feriening.
2. It bestjoer hat, mei goedkarring fan de algemiene ledegearkomste yn it foar, it foech om te besluten ta it oangean fan oerienkomsten foar it krijen, ferfrjemdzjen of beswierjen fan registergoed en ta it oangean fan oerienkomsten dêr't de feriening him as boarch of persoanlik meiskuldner by ferbynt, him foar in treddenien sterk makket of him foar in skuld fan in oarenien ferbynt ta wissichheidstelling.
|
|
FERTSJINTWURDIGING
Kêst 10.
1. It bestjoer fertsjintwurdiget de feriening.
2. It fertsjintwurdigingsfoech komt ek ta oan 'e foarsitter tegearre mei de skriuwer of de ponghâlder, of de skriuwer tegeare mei de ponghâlder.
|
|
ALGEMIENE LEDEGEARKOMSTE
Kêst 11.
De algemiene ledegearkomsten wurde holden te Amsterdam.
|
|
STIMRJOCHT EN STIMPROSEDUERE
Kêst 12.
1. Tagong ta de algemiene ledegearkomste hawwe de leden dy't net tydlik lid-ôf binne, de stipers en ek dyjinge dy't dêrta troch it bestjoer en/of de algemiene ledegearkomste útnoege binne. Immen dy't tydlik lid-ôf is, hat tagong ta de gearkomste dêr't it beslút ta syn tydlik lid-ôf wêzen yn behannele wurdt, en hat it foech om dêroer it wurd te fieren.
2. Mei útsûndering fan immen dy't tydlik lid-ôf is, hat elk lid ien stim yn 'e algemiene ledegearkomste. Elk stimberjochtige lid kin oan in oar stimberjochtige persoan skriftlik folmacht jaan ta it ûtbringen fan syn stim. In stimberjochtige persoan kin foar op syn heechst twa persoanen as folmacht hannelje.
3. In ienstimmich beslút fan alle stimberjochtige leden, ek al binne hja net yn in gearkomste byelkoar, hat, mitsdat mei foarkennis fan it bestjoer nommen, deselde krêft as in beslút fan de algemiene ledegearkomste. Dat beslút kin ek skriftlik ta stân komme.
4. De foarsitter bepaalt hoe't de stimmings yn 'e algemiene ledegearkomste holden wurde.
5. Alle besluten dêr't by de wet of by dit karbrief gjin gruttere mearderheid oer foarskreaun is, wurde nommen by absolute mearderheid fan de útbrochte stimmen.
By staking fan stimmen oer saken is it foarstel fersmiten. Stake de stimmen by ferkiezing fan persoanen troch immen, dan beslist it lot. Yn gefal 't by ferkiezing tusken mear as twa persoanen troch immen in absolute mearderheid krigen is, wurdt oerstimd tusken de twa persoanen dy't it grutste tal stimmen krigen, byneed nei tuskenstimming.
|
|
Kêst 13.
1.De algemiene ledegearkomste wurdt laat troch de foarsitter, of as er ôfwêzich is, moat ien fan 'e oare bestjoersleden dat dwaan. Binne der gjin bestjoersleden, dan foarsjocht de gearkomste sels yn syn lieding.
2. It troch de foarsitter op 'e algemiene ledegearkomste útsprutsen oardiel oangeande de útslach fan in stimming, is beslissend. Itselde jildt foar de ynhâld fan in beslút dat nommen is, foar safier't stimd waard oer in net skriftlik fêstlein foarstel. Wurdt lykwols daliks nei it útsprekken fan it oardiel fan de foarsitter de krektens dêrfan bestriden, dan wurdt der op 'e nij stimd as de mearderheid fan de gearkomste, of, as de oarspronklike stimming net persoanlik of skriftlik barde, in stimberjochtige bywêzige dat easket. Troch dy nije stimming ferfalle de rjochtsgefolgen fan de oarspronklike stimming.
3. Fan itjinge dat op 'e algemiene ledegearkomste behannele wurdt, wurde notulen makke troch de skriuwer of troch in persoan dy't troch de foarsitter oanwiisd is.
Dy notulen wurde yn deselde of yn de earstfolgjende algemiene ledegearkomste
fêststeld en as teken dêrfan troch de foarsitter en de skriuwer fan dy gearkomste ûndertekene.
|
|
BOEKJIER, ADMINISTRAASJE EN JIERSTIKKEN
Kêst 14.
1. It boekjier fan de feriening rint lykop mei it kolleezjejier/boekjier en rint fan de foarste fan de Hjerstmoanne oan te mei de ienentritichste fan de Rispmoanne. Alle jierren wurdt op syn minsten ien algemiene ledegearkomste holden, om krekt te wêzen binnen seis moannen nei ôfrin fan it kolleezjejier/boekjier, útsein ferlinging fan dy termyn troch de algemiene ledegearkomste. Yn dy algemiene ledegearkomste bringt it bestjoer it jierferslach út oer de gong fan saken yn 'e feriening en oer it belied dat fierd is. It leit de balâns en de steat fan baten en lêsten mei in taljochting foar goedkarring oan de ledegearkomste oer. Dy stikken wurde ûndertekene troch de bestjoersleden; ûntbrekt de ûndertekening fan ien of mear fan harren, dan wurdt dêrfan ûnder opjefte fan reden melding makke. Nei ferrin fan de termyn kin elk lid rjochtlik foarderje fan de bestjoerders mei-elkoar dat hja dy ferplichtings neikomme.
2. Wurdt oangeande de sekuerens fan de finansjele stikken bedoeld yn it foarige lid oan de algemiene ledegearkomste net in ferklearring ôfkomstich fan in akkountant sa as bedoeld yn kêst 2:393 lid 1 fan it Boargerlik Wetboek oerlein, dan beneamt de algemiene ledegearkomste, alle jierren, in kommisje fan op syn minsten twa leden dy�t gjin diel fan it bestjoer út meitsje meie.
3. It bestjoer is ferplichte om de kommisje te foarsjen fan foar syn ûndersyk alle troch him frege ynljochtings, him as it winske wurdt de kas en de wearden te toanen en yn de boeken en stikken fan de feriening sjen te litten.
4. De kommisje ûndersiket de yn lid 1 en lid 3 bedoelde stikken.
|
|
Kêst 15.
1. Algemiene ledegearkomsten wurde troch it bestjoer gearroppen sa faak as dat winsklik achtet of dêrta op grûn fan 'e wet ferplichte is.
2. Op skriftlik fersyk fan op syn minstens ien/tsiende part fan de stimberjochtige leden is it bestjoer ferplichte ta it gearroppen fan in algemiene ledegearkomste, dy�t fjouwer wiken nei it yntsjinjen fan it fersyk holden wurde moat. As oan it fersyk binnen fjirtjin dagen gjin gefolch jûn wurdt, dan kinne de fersikers sels ta it gearroppen fan de algemiene ledegearkomste oergean op 'e wize lykas yn lid 3 bepaald. De fersikers kinne dàn oaren as bestjoersleden belêste mei de lieding fan 'e gearkomste en it opstellen fan 'e notulen.
3. It gearroppen fan 'e gearkomste wurdt dien troch in skriftlike meidieling oan de stimrjochthawwers op in termyn fan op syn minsten sân dagen. By de opropping wurde de ûnderwerpen dy't behannele wurde oanjûn.
|
|
KARBRIEFWIZIGING
Kêst 16.
1. Wiziging fan it karbrief kin allinnich syn beslach krije troch in beslút fan de algemiene ledegearkomste, dêr't ta oproppen is mei de meidieling dat dêryn wiziging fan it karbrief yn foarsteld wurde sil.
2. Dyjingen, dy't de opropping ta de algemiene ledegearkomste foar behanneling fan in foarstel ta karbriefwiziging dien hawwe, moatte op syn minsten fiif dagen foar de dei fan de gearkomste in ôfskrift fan dat foarstel dêr't de foarstelde wiziging wurdlik yn opnommen is, op in dêrfoar gaadlik plak foar de leden op besjen lizzen oant nei de ôfrin fan de dei, dêr't de gearkomste op holden waard.
3. Ta wiziging fan it karbrief kin troch de algemiene ledegearkomste allinnich besletten wurde mei in mearderheid fan op syn minsten twa/tredde fan it tal stimmen dat útbrocht is.
4. De karbriefwiziging giet net earder yn as neidat dêrfan in notariële akte opmakke is.
Elk fan de bestjoersleden hat it foech om de akte fan karbriefwiziging passearje te litten.
5. Itjinge bepaald yn 'e leden 1 en 2 is net fan tapassing, as yn 'e algemiene ledegearkomste alle stimrjochthawwers bywêzich of fertsjintwurdige binne en it beslút ta karbriefwiziging mei algemiene stimmen nommen wurdt.
6. De bestjoersleden binne ferplichte om in autentyk ôfskrift fan de akte fan karbriefwiziging en in folslein trochrinnende tekst fan it karbrief, lykas dy nei de wiziging is, del te lizzen op it kantoar fan it troch de Keamer fan Keaphannel en Fabriken holden register.
|
|
f
UNTBINING EN FEREFFENING
Kêst 17.
1. Itjinge bepaald yn kêst 16 leden 1, 2, 3, en 5 is fan gelikense tapassing op in beslút fan de algemiene ledegearkomste ta ûntbining fan 'e feriening.
2. De algemiene ledegearkomste stelt op grûn fan it beslút dat yn it foarige lid bedoeld is, de bestimming fan it batich saldo fêst. Dy bestimming moat safolle mooglik yn oerienstimming wêze mei it doel fan 'e feriening.
3. De fereffening wurdt troch it bestjoer dien.
4. De feriening bliuwt nei syn ûntbinen bestean foar safier't dat ta it fereffenjen fan syn fermogen nedich is. Under de fereffening bliuwe de bepalings fan dit karbrief safolle mooglik fan kr�circ;ft. Yn stikken en oankundigings dy't fan 'e feriening útgeane moat oan de ferieningsnamme tafoege wurde: 'yn likwidaasje'.
5. De fereffening einiget op it stuit dat oan de fereffeners gjin bekende baten mear oanwêzich binne.
6. De boeken, stikken en oare gegevensdragers fan 'e feriening dy't ûntbûn is, moatte bewarre bliuwe foar de doer fan tsien jierren nei ôfrin fan de fereffening. Bewarder is dyjinge dy't troch de fereffeners sadwaande oanwiisd is.
|
|
REGLEMINTEN
Kêst 18.
1. De algemiene ledegearkomste kin ien of mear regleminten fêststelle en wizigje, dêr�t ûnderwerpen yn regele wurde dêr't troch dit karbrief net of net folslein yn fersjoen wurdt.
2. In reglemint mei gjin bepalings befetsje, dy't stridich binne mei de wet of mei dit karbrief.
3. Op besluten ta fêststelling en ta wiziging fan in reglemint is itjinge bepaald yn kêst 16 leden 1, 2, en 5 fan gelikense tapassing.
|
|
EINBEPALING
Kêst 19.
Oan 'e algemiene ledegearkomste komme yn 'e feriening alle foegen ta, dy't net troch de wet of it karbrief oan oare organen opdroegen binne.
|
|
Karbrief fan de akte fan oprjochting, 29 augustus 2002 |
|
|
|
|
 |
|