| |
Mokumer Mjitte Nijs is sûnt april 2002 it ynterne en eksterne medium fan Mokumer Mjitte. Us blêd slacht goed oan en hat tusken de oare Fryske studinteblêden in hiel eigen foarkommen en ynhâld. Dit hat alles te krijen mei de aparte leeftydsopbou fan de leden fan de Mokumer Mjitte; dy giet fan jong fia belegen oant wat âlder. Nêst de foar alle studinten wichtige saken as Ferieningsnijs, is der ek in grut part wijd oan Dichters en Skriuwers, dat yn in literêr blêd net misstean soe.
Dêrtroch is Mokumer Mjitte Nijs in blêd foar in breder publyk as inkeld ús leden. It abonneebestân is dan ek groeiende, sawol yn de rânestêd as yn it Heitelân. Bist nijsgjirrich wurden? Freegje dan in fergees proefnûmer oan troch te eameljen nei redaksje@mokumermjitte.nl.
Ek kinst hjir telâne om dy op te jaan as abonnee, ast bygelyks gjin lid wurde kinst omdatst gjin studint (mear) bist.
Stjoer ris wat yn! Kwaliteit stiet by ús foarop, mar foar it oare lizze wy de Mjitte net heech, dat begjinnende Dichters of Skriuwers kinne, nei mooglik wat behoffenjen fan ús kant, in goeie kâns krije.
|
|
Mokumer Mjitte Nijs is sinds april 2002 zowel het interne als externe medium van Mokumer Mjitte. Ons blad is goed ontvangen en heeft temidden van de andere Friese studentenbladen een eigen gezicht en inhoud. Dit komt door de afwijkende leeftijdsopbouw van de leden van de Mokumer Mjitte; deze loopt van jong via belegen naar wat ouder. Naast voor onze studenten belangrijke zaken als Verenigingsnieuws, is er een aanzienlijk deel gewijd aan Dichters en
Schrijvers, dat in een literair blad niet zou misstaan.
Daarmee is Mokumer Mjitte Nijs bedoeld voor een breder publiek dan alleen onze leden. Ons abonnee-bestand groeit dan ook, zowel in de randstad als Friesland. Ben je nieuwsgierig geworden? Vraag dan een gratis proefnummer aan via redaksje@mokumermjitte.nl.
Ook kun je hier terecht om je op te geven als abonnee, als je bijvoorbeeld geen lid kunt worden omdat je geen student (meer) bent.
Stuur eens wat in! Kwaliteit staat bij ons voorop, maar verder leggen we de meetlat niet hoog, zodat beginnende Dichters of Schrijvers, na mogelijk wat aanpassingen van onze kant, een faire kans kunnen krijgen.
|
|